Brânbrief oer Waadfûns

02 feb 2011 - 17:10

De provinsjebestjoeren fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân liede de needklok oer it Waadfûns. Yn in brânbrief oan de minister meitsje se dúdlik dat it Ryk net oan de 800 miljoen yn it Waadfûns komme mei.

Fia bestjoerlike en politike kontakten ha de provinsjes te hearren krigen dat de minister it jild foarearst befrieze wol. It Noarden krijt de 800 miljoen euro as kompensaasje foar de gaswinning ûnder de Waadsee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)