Brânbrief oer reade disel

31 okt 2013 - 20:17
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

De priis fan treinkaartsjes yn Fryslân driget mei 30 % omheech te gean. Dat komt troch de ôfskaffing fan it belestingfoardiel op reade disel. Dêrtroch moat ferfierder Arriva allinnich al dit jier hast 600.000 euro mear betelje foar brânstof. Yn kombinaasje mei in nije gebrûkersheffing foar it spoar komt de totale skea foar Arriva op hast in miljoen euro.

Fryslân hat dêrom mei fjouwer oare provinsjes in brânbrief stjoerd oan it kabinet. Se skriuwe dat it kabinet mei al dy nije maatregels it iepenbier ferfier yn de regio stikken makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)