Brânbrief oer garnalefiskers

14 feb 2011 - 16:00

De boargemasters fan de gemeenten Harns, Wieringen en Zoutkamp sille in brânbrief stjoere nei steatssektaris Bleker oer de strieminne sitewaasje fan guon garnalefiskers. Hieltyd mear fiskers reitsje yn finansjele problemen trochdat se hege kosten hawwe en har fangsten ûnder de kostpriis ferkeapje moatte.

De boargemasters freegje Bleker om yn Europeesk ferbân wat oan de sitewaasje fan de fiskers te dwaan, sa as it meitsjen fan fangstôfspraken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)