Brânbrief oer besunigings DFM

17 mrt 2014 - 11:09
  • Bram Boehlé, Doarpsbelang Bakhuzen
  • Brânbrief oer besunigings
  • Doarpshûs De Gearte yn Bakhuzen is ien fan de doarpshuzen dy't faai stean

Njoggen doarpsbelangen yn de nije gemeente De Fryske Marren hawwe in brânbrief stjoerd oan it gemeentebestjoer oer de kommende besunigings. Neffens de doarpsbelangen, allegearre út de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat, sil der in kealslach plakfine as de gemeente de plannen trochset.

Sa wurdt ûnder oare besunige op grienfoarsjenning, sportferienings en doarpshuzen. Benammen dy lêste besunigings soargje neffens de briefskriuwers foar grutte problemen. It soe foar ferskate doarpshuzen wolris de ein betsjutte kinne.

De gemeenteried fan de nije fúzjegemeente De Fryske Marren, dêr't Gaasterlân-Sleat yn opgien is, praat tiisdeitejûn oer de plannen fan it gemeentebestjoer. Mei-inoar moat der goed 7,5 miljoen euro besunige wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)