Brânbrief oer besunigings

02 maaie 2014 - 07:21
  • Tûmba

It sintrum foar gelikense behanneling en wrâldboargerskip Tûmba driget har subsydzje kwyt te reitsjen. De provinsje is fan doel te besunigjen op maatskiplike organisaasjes. De stifting komt dêrom freed mei in brânbrief. Fyftich promininte Friezen wêrûnder Henk de Jong, Foppe de Haan en Gurbe Douwstra hawwe harren hantekening ûnder dizze brief set.

Tûmba krijt op dit stuit in subsydzje fan 111.000 euro. Dat jild wurdt benammen brûkt foar previnsje en edukaasje op skoallen.

Earder dizze wike hat ek it FSU (Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden) al oan de bel lutsen oer it ynlûken fan de provinsjale subsydzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)