Brânbrief fan boargemasters oer optreden tsjin kriminelen

11 sep 2015 - 10:13
  • Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert komt op foar de plysje

Boargemaster Crone fan Ljouwert is ien fan de tolve boargemasters dy't in brief oan de Volkskrant skreaun hat oer it hurder optreden tsjin kriminelen. Se fine dat de oerheid folle agressiver te wurk gean moat om jild fan kriminelen ôf te pakken.

Kriminelen soene jierliks mear as njoggen miljard euro fertsjinsje mei drugshannel, wapenhannel en minskehannel. Net mear as ien persint fan dat jild krijt de oerheid te pakken. De boargemasters wolle dat der 50 miljoen euro reservearre wurdt foar lokale en regionale ôfpakteams.

It opinystik stiet freed yn de Volkskrant en is ûndertekene troch de boargemasters fan Amsterdam, Rotterdam, Den Haach, Utert, Grins, Tilburch, Nijmegen, Haarlem, Eindhoven, Maastricht, Dronten en Ljouwert en de foarsitter fan it kolleezje fan prokureurs-generaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)