Brânalarm yn hotel Starum

22 okt 2006 - 11:56

Hotel restaurant De Vrouwe van Stavoren yn Starum hat sneintemoarn betiid koart ûntromme west, nei in brânalarm. Yn it stookhok wie de ferwaarming te hyt wurden. Dêrtroch wie der in soad reek ûntstien en gong it alarm ôf. De 23 gasten fan it hotel moasten even har keamers út.

De oproppen brânwacht en ambulânse hoegden lykwols net yn aksje te kommen. De gasten koene letter gewoan werom nei har keamers. De skea falt ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)