Brân yn wenhûs oan Ylostinsleane yn Drylts

18 mrt 2016 - 13:36
  • De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle

Yn in wenning oan de Ylostinsleane yn Drylts hat freed om tolve oere hinne brân west. De brânwacht hie it fjoer al gau út en hat de wente fentilearre. Neffens omstanners kaam der flink wat reek frij.

It is noch ûndúdlik wat der krekt yn brân rekke en hoe't it fjoer ûntstean koe. De Stichting Salvage is ynskeakele om de bewenners te helpen mei it ôfhanneljen fan de skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)