Brân yn wenhûs Marrum

11 jul 2015 - 10:28
  • In protte skea

In wenhûs yn Marrum is fan 'e moarn flinke skansearre rekke troch in brân. Dy ûntstie om in oere as healwei alven hinne, troch noch ûnbekende oarsaak. Omdat it om in útslaande brân gie, waarden meardere korpsen oproppen foar it blussen fan it fjoer. Ek waard in grutwettertransport fan Grou ynskeakele, mar úteinlik hoegde dat net yn aksje te kommen. Omdat by de brân in soad reek frijkaam, waard omwenners advisearre ruten en doarren ticht te dwaan. By de brân is nimmen ferwûne rekke. De boppeferdjipping fan it hûs is folslein fernield rekke.

Under ûnstie brân- en wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)