Brân yn wenhûs Ljouwert

15 jan 2006 - 14:40

By in brân yn in hûs oan de Koeriersterespel yn de Frijheidswyk yn Ljouwert is sneontejûn de boppeste ferdjipping folslein útbaarnd. De brânwacht kaam mei in heechwurker en twa tankautospuiten, mar koe net foarkomme dat de boppeste ferdjipping útbaarnde en dat oare huzen wetterskea oprûnen.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend. De bewenners wiene op it momint fan de brân net thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)