Brân yn wenbuorkerij Gersleat

01 mrt 2010 - 03:07
  • In heechwurker waard ynsetten om de brân ûnder kontrôle te krijen

By in fûle brân is sneintenacht in wenbuorkerij yn Gersleat bot skansearre rekke. Doe't de brânwacht om healwei ienen de melding krige sloegen de flammen al út it dak. Mei help fan in heechwurker is besocht it fjoer ûnder kontrôle te krijen. De brânwacht koe net foarkomme dat in grut part fan de boppeferdjipping útbaarnde. De ûnderferdjipping rûn in soad skea op.

De bewenners, in gesin mei trije bêrn, koene op 'e tiid nei bûten komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)