Brân yn wenbuorkerij

26 maaie 2004 - 00:00

In grutte brân is woansdeitemiddei útbrutsen yn in wenbuorkerij yn De Lytse Jouwer by Dokkum. It reiddutsen hûs fette troch noch ûnbekende oarsaak flam en de brânwacht koe net mear foarkomme dat it hûs foar it grutste part útbaarnde.

De brânwacht fan Dokkum wie mei meardere weinen op it plak en ek is der in heechwurker ynset. Ek it brânwachtkorps fan Ternaard hat dêrby assistinsje ferliend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)