Brân yn tsjerke yn Sint-Anne troch koartsluting

12 apr 2015 - 11:56

Yn in tsjerke yn Sint-Anne hat sneintemoarn koart brân west yn de roomske tsjerke De Skûl. Neffens de brânwacht is der nei alle gedachten koartsluting ûntstien yn in kuolkast en is dat de oarsaak fan de brân. Op it stuit wiene der acht minsken yn tsjerke yn de J.J. Costerstrjitte. De tsjinst wie al dien.

De brânwacht hat de kuolkast nei bûten sleept en sa de brân gau blust. De romte wurdt fentilearre. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)