Brân yn trein by De Westerein

03 jan 2006 - 13:42

Der hat moandeitejûn brân west yn de trein dy't om tsien foar seizen fan Grins nei Ljouwert rydt. Yn de buert fan stasjon De Westerein wienen der flammen te sjen oan de achterkant fan it lêste treinstel. Doe't de masjinist de brân ûntduts hat hy de trein fuortendalik stilset.

De passasjiers koene allegear sûnder probemen oerbrocht wurde nei it foarste gedielte fan 'e trein. De brân soe te krijen hawwe mei oaljelekkaazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)