Brân yn transformator

17 feb 2009 - 11:51

Troch in brân yn in transformator sitte in stik as fyftjin bedriuwen op Businesspark West yn Ljouwert op dit stuit sûnder stroom. Neffens in wurdfierder fan enerzjybedriuw Essent ûntstie der even foar tsien oere brân. De brânwacht hie dat frij gau ûnder kontrôle. In part fan de bedriuwen op it terrein hat yntusken wer stroom.

Foar de lêste fyftjin jildt dat dy stroom krije moatte fan in aggregaat. It kin noch wol oant ien oere duorje foar't dat ynstallearre is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)