Brân yn teater Teater Snits

10 aug 2014 - 13:21
  • Teater Snits

De brân yn de toanieltoer fan Teater Snits sneontejûn, hat gjin gefolgen foar it teaterseizoen. Dat meldt it teater yn in ferklearring. Sneontejûn om healwei alven hinne kaam der in melding fan in brân yn it teater.

De needstroomfoarsjenning foar de hysynstallaasje foar dekôrs en ljocht, wie spontaan yn de brân flein. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht hie it fjoer al gau út en koe nei in healoerke it sein 'brân master' jaan. Troch alle reek duorre it eefkes foardat de toanieltoer ynspektearre wurde koe.

Sneintemoarn waard dúdlik dat de skea tafalt en dat de start fan it teaterseizoen net yn gefaar komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)