Brân yn syljacht Hearrenfean

29 des 2013 - 08:42

Oan de Zwette op it Hearrenfean is sneontejûn in syljacht útbrând. Buertbewenners seagen reek en warskôgen de brânwacht. Doe't dy oankaam, sloegen de flammen al út de boat. Neffens omwenners lei it jacht der al twa moannen, mar net ien wist fan wa't it wie. De plysje en de gemeente wiene al warskôge, út eangst dat der mei âld en nij wat mei de boat gebeure soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)