Brân yn steapel autobannen

11 maaie 2008 - 04:29
  • Bylden fan de brân by Groen Recycling

By in fûle brân by it bedriuw Groen Recycling oan de Newtonwei yn Ljouwert is sneontenacht in grutte steapel autobannen ferlern gien. It giet om goed hûndert kante meter bannen. By de brân kaam giftige reek frij. Dy reek dreau fan Ljouwert ôf yn eastlike rjochting en loste dêr op.

De brân wie binnen twa oeren ûnder kontrôle. De oarsaak is noch net bekend, brânstifting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)