Brân yn stâl Mantgum

14 maaie 2008 - 20:24
  • Foto JRF/Jaring Rispens
  • Foto JRF/Jaring Rispens

By in brân yn in stâl by Mantgum is woansdei oan it begjin fan de jûn asbest frijkaam. Yn de stâl stie in trekker dy´t troch noch ûnbekende oarsaak yn brân flein wie. Buorlju ûntdutsen de brân en sloegen alaarm.

Troch it fjoer binne guon golfplaten op it dak fan de stâl knapt. De brânwacht fan Mantgum hie it fjoer rap út. It terrein om de stâl hinne is ôfset om fierdere fersprieding fan asbestdieltsjes foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)