Brân yn sporthal Surhústerfean

07 feb 2011 - 14:56
  • Foto: Henk Koster

By de Surventohal yn Surhústerfean is moandeitemiddei brân útbrutsen. Dakdekkers wiene dêr oan it wurk. De plafonds fan de kantine fan de sporthal fleach dêrby yn 'e brân. Der kaam in hiel soad reek frij.

De brânwacht hie it brantsje gau ûnder kontrôle. Neffens de sporthalbehearder is der al wat skea oan de kantine, mar is der yn de sporthal sels neat te rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)