Brân yn Spangea

27 okt 2003 - 00:00

In pleats by Spangea is moandei foar in grut part ôfbaarnd. Troch slypwurk wie in oaljefet yn 'e brân flein. It fjoer sloech dêrnei oer nei de skuorre. Dy wie net mear te rêden. De brânwacht koe wol tefoaren komme dat it wenhûs ferlern gie. Dat hie inkeld reek- en wetterskea. Ek in oare skuorre koe behâlden bliuwe.

By de brân binne trije karavans ferlern gien. Twa korpsen kamen yn aksje en gjinien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)