Brân yn snackbar Surhústerfean

31 jul 2014 - 05:58

Yn snackbar It Stee oan de Kolk yn Surhústerfean is tongersdeitemoarn om 5 oere hinne brân útbrutsen. De brânwacht hat út foarsoarch ien persoan út in njonkenlizzende wenning helle. De brânwacht hie it fjoer nei in healoere ûnder kontrôle.

It gebou rûn in soad skea op troch de reek en it bluswetter. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)