Brân yn skuorre De Pein

28 mrt 2014 - 06:18

Oan de Provinsjalewei yn De Pein is tongersdeitejûn in skuorre ferlern gien by in brân. Inkelde feeweinen dy't achter it gebou stienen, koene krekt op tiid fuorthelle wurde. De brânwacht hat oardel oere dwaande west mei it bestriden fan it fjoer.

Der rekke nimmen ferwûne. De brân soarge wol foar in soad reekûntwikkeling. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)