Brân yn skoalle Dokkum

12 mrt 2009 - 01:33
  • Brân yn leechsteande skoalle (foto: Jan Beets)

Yn Dokkum is yn de nacht fan woansdei op tongersdei in leechsteande skoalle útbaarnd. It giet om De Twine oan de Rûnwei. De skoalle stiet op in yndustryterrein en der sitte gjin oare gebouwen oan fêst. Neffens in wurdfierder fan de plysje wie der gjin gefaar foar de omjouwing. Der binne ek gjin asbest of oare gefaarlike stoffen frijkaam.

De brânwacht fan Dokkum en Damwâld rukten út om de brân te blussen. It fjoer wie ridlik gau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)