Brân yn skipsbedriuw Dronryp

06 jan 2005 - 16:26

By in brân yn in skipsbetimmerbedriuw yn Dronryp is tongersdeitemoarn foar minstens in heal miljoen euro skea oanrjochte. De brân ûntstie yn in skip dat hast ôfboud wie. De bewenner en syn frou koene der krekt op 'e tiid útkomme.

Doe't se wekker waarden, stie de keamer fol mei reek. De hûn en de kat kamen om by de brân. De brânwacht wie der mei twa spuitauto's. Om acht oere wie de brân ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)