Brân yn skiphûs by Ljouwerter jachthaven

26 jun 2015 - 12:25
  • De skea oan it skiphûs is grut
  • By de brân ûntstie in soad skea oan skiphûs en boaten

Yn Ljouwert is tsjin it middeisoere brân ûntstien yn in skiphûs by de Ljouwerter jachthaven. Flak foar de brânmelding soe in eksploazje heard wêze yn de loads. Der soene trije boaten yn brân stean. De skea wurdt no al rûsd op tsientûzenen euro's.

De brânwacht is drok dwaande mei it bestriden fan de brân. Der is wol sprake fan reekûntwikkeling fanút de loads. By de brân is ien man earnstich ferwûne rekke. De man waard troch omstanders út it wetter helle. De man is troch de traumahelikopter oerbrocht nei it Martinisikehûs yn Grins.

De brânwacht tinkt oan in gasûntploffing as mooglike oarsaak, mar moat dat noch fierder ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)