Brân yn skieppestâl

22 feb 2005 - 16:44

Yn in stâl neist in pleats oan de Oude Trekweg yn Harns hat tiisdeitemiddei brân west. Yn de stâl stiene 180 skiep. It fjoer ûntstie oan de sydkant fan de stâl yn in bulte strie. It is net dúdlik hoe't it strie yn de brân flein is. Der binne gjin skiep dea rekke.

De eigner hat sels earst besocht om it fjoer út te meitsjen. Doe't dat net slagge hat hy de help ynroppen fan de brânwacht fan Harns. Dy hiene de brân yn in pear minuten ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)