Grutte brân yn Ljouwert

19 okt 2013 - 17:47
  • Grutte brân yn sintrum fan Ljouwert
  • Motorambulânse ûnderweis nei grutte brân yn Ljouwert

De brân yn it âlde sintrum fan Ljouwert hat him fierder útwreide nei fiif oare panden. Dêr sitte apparteminten boppe. It fjoer ûntstie tsjin healwei seizen yn in kleanwinkel oan de Kelders. It publyk wurdt op ôfstân hâlden fanwege eksploazjegefaar. De gemeente warskôget omwenners om ruten en doarren te sluten.

It is noch net bekend oft der ek ferwûnen binne. Der binne twa ambulânses by it plak. Buertbewenners kinne telâne by restaurant Post Plaza oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Omrop Fryslân TV hat om 8 oere in ekstra útstjoering.

In hiel soad korpen binne oproppen om de brân te bestriden. Njonken de brânwacht fan Ljouwert, Marsum en Grou binne ek de korpsen fan Stiens, Harns en Drachten oproppen. De traumahelikopter fan Grins is ek oproppen en stiet op it Aldehoustertsjerkhôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)