Brân yn sintrum Hearrenfean ûnder kontrôle

19 jun 2015 - 15:57
  • De brânwacht hat de brân yn dit gebou mei fjouwer korpsen bestriden

De brân yn in twa-ûnder-ien-kap hûs yn de Stasjonsstrjitte yn it sintrum fan It Hearrenfean is ûnder kontrole. De brân bruts freed om it middeisoere hinne út yn ien fan de huzen, dêr't keamers yn ferhierd wurde. De brânwacht koe net foarkomme dat it fjoer oersloech nei it oare wenhûs. Der wiene gjin minsken yn it gebou, doe't de brân útbruts.

De brânwacht is noch oan it neiblussen en kontrolearret beide wenhuzen, om te sjen oft der noch earne fjoerhurden sitte. It is noch net bekend hoe grut oft de skea is.

Ek is noch net rjocht dúdlik wat de oarsaak fan de brân west hat. By de brân is neffens de brânwacht in lyts bytsje asbest frijkaam. It gebiet dêr't it asbest leit wurdt ôfset troch de gemeente, der is gjin gefaar foar de folkssûnens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)