Brân yn sintrum Hearrenfean

02 sep 2011 - 17:53
  • By de brân waard in heechwurker ynsetten

Yn it sintrum fan It Hearrenfean hat freedtemiddei koarte tiid brân west. It fjoer bruts út tusken it dak en it plafond fan de winkel. In ynstallaasjemonteur hie dêr earder oan it wurk west.

Yn de winkel ûntstie in soad reekûntwikkeling. Personiel en klanten binne fuortendalik út it gebou gien. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Der waard ûnder oare in heechwurker ynsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)