Brân yn portykflat Ljouwert

28 nov 2001 - 00:00

Der is woansdeitemoarn brân ûntstien yn in portykflat oan de Euterpestjitte yn Ljouwert. De bewenster makke om kertier oer fiven melding fan de brân. Doe't de plysje oankaam koe dy de flat al net mear ynkomme troch de útslaande flammen.

De brânwacht hat eefkes letter de bewenster út de wente helle. Se is oerbrocht nei it sikehûs. In oare bewenner rekke ferwûne doe't er in rút ynskoppe moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)