Brân yn pleats Surhústerfean

04 maaie 2004 - 00:00

In ferfallen pleats yn Surhústerfean is tiisdei foar in grut part ôfbaarnd. It fjoer bruts krekt foar 16.00 oere út. Al gau sloegen de flammen meters heech út it dak. Grutte reekwolken wienen yn de omkriten te sjen.

Korpsen út Surhústerfean en Droegeham ha dwaande west it fjoer te blussen. Oer de oarsaak fan de brân oan de Blauhústerwei is noch neat bekend. De pleats wie wol bewenne. Net ien rekke ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)