Brân yn pleats Nij Beets

23 aug 2009 - 13:26
  • De pleats is hielendal ferlern gong

Der hat sneintemiddei brân west yn in pleats yn Nij Beets. It gong om in fûle, útslaande brân. De bewenners wiene net thús. De buorlju ûntdutsen de brân en ha it fee út de stâl helle. De pleats is hielendal útbaarnd.

It wenhûs stiet noch wol, mar kin troch de skea ek as ferlern beskôge wurde. By de brân is wat asbest frijkaam. Der wurdt noch ûndersocht hoe skealik dat is. Omwenners wurdt wol oanret om doarren en ruten ticht te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)