Brân yn pleats Marsum

16 sep 2004 - 09:47

De brânwacht is woansdeitemiddei útrukt om in brân op it dak fan in pleats yn Marsum te dwêsten. De brân is ûntstien troch wurk oan it dak. De brânwacht wie der op tiid by en koe sa foarkomme dat de pleats folslein útbaarne soe.

De pleats is eigendom fan Klaas van Wieren. Hy is fan doel om by de pleats in jachthaven oan te lizzen. Van Wieren tinkt dat de skea om-en-de-by de 20.000 euro lizze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)