Brân yn pleats Appelskea

13 apr 2010 - 10:30

Yn Appelskea hat moandeitenacht in brân in grut part fan in wenbuorkerij fernield. It fjoer ûnstie nei alle gedachten yn de skoarstien en sloech oer nei it reiden tek. De bewenners ha earst sels besocht it fjoer út te meitsjen, mar dat slagge net. Dêrnei is de brânwacht kaam. Ien fan de brânwachtminsken rekke licht ferwûne doe't der in stien op him foel. Hy is op it plak fan de brân behannele.

De technykse resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)