Brân yn pankoekskip

10 jan 2003 - 00:00

In binnenbrân hat tongerdeitejûn alle iters ferjage út it Pankoekskip oan de Willemskade yn Ljouwert wei. Dêrby rekke gjinien ferwûne. It restaurant kin freed wer iepen, sa hopet útbaatster Coby de Vries.

De brân begûn om in oer of healwei achten foar yn it skip by de ferwaarmingstsjettel. Efkes letter stie de roef fol reek. De brânwacht wie gau op de Willemskade en koe gruttere skea tefoaren komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)