Grutte brân yn natuergebiet Fochtelerfean is blust

13 mrt 2015 - 16:40
  • Brân yn natuergebiet Fochtelerfean
  • Brân Fochtelerfean

Brânwachtkorpsen út de Stellingwerven binne freedtemiddei oproppen foar it blussen fan in brân yn natuergebiet It Fochtelerfean. De brân wie yn de buert fan Feanhuzen, oan de Drintske kant fan it gebiet. Neffens Natuurmonuminten is hast hûndert bunder troch de brân troffen.

Ferskate diken en fytspaden yn it gebiet waarden ôfset. Neffens in tsjûge waarden ek huzen yn it gebiet ûntromme wurde. Neist de Fryske brânwachtkorpsen wiene ek ferskate Drintske korpsen aktyf.

Neffens Natuurmonuminten soe de brân op ferskate plakken ûntstien wêze, in dúdlike oanwizing foar brânstichting. Njonken tsien brânwachtauto's waard freedtemiddei ek in helikopter ynset. It fjoer is bestriden mei wetter en saneamde fjoerswipen. Oan de ein fan de winter stiet der in soad droech gers yn it Fochtelerfean, dat hiel maklik brâne wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)