Brân yn mûne Menaam foarkaam

23 feb 2013 - 15:40
  • Mûne De Rentmeester

Troch kordaat optreden fan de mûnder is sneon in brân yn mûne de Rentmeester yn Menaam foarkaam. In bout yn de fang fan de mûne wie ôfbrutsen, wêrtroch't de wjukken net mear ôfremmme wurde koene en de mûne op 'e rin sloech. Troch de wriuwing fan hout op hout ûntstie reek. De mûnder slagge deryn de wjukken hânmjittich út de wyn te draaien. De brânwacht fan Menaam hat út foarsoarch de mûne fan binnen hielendal wiet spuite. Mei in waarmtekamera is dêrnei ek noch kontrolearre oft der gjin fjoer mear yn it hout siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)