Brân yn molkfabryk De Pein

28 nov 2005 - 11:25

Yn de Pein hat sneintejûn in grutte brân west yn it âld molkfabryk yn it sintrum fan it doarp. De brânwacht fan Drachten is útrukt mei grut materieel. Ek de heechwurker moast der oan te pas komme. Hoe't it fjoer ûntstien is, is noch net bekend.

De brân hat foar in protte skea soarge. It âld molkfabryk wie op dit stuit in slooppand en soe op koarte termyn plakmeitsje foar nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)