Brân yn meubelskuorre Drachten

11 maaie 2008 - 16:24
  • Yn de skuorre waarden hout en meubels opslein

Der hat sneintemiddei brân west yn in skuorre oan it Súd yn Drachten. De skuorre, dy't brûkt wurdt foar de opslach fan hout en meubels, is folslein ferlern gien.

By de brân kaam in soad reek frij. Dêrom hat de plysje de omkriten ôfset. De oarsaak is noch ûnbekend. Njonken de skuorre is in wenbuorkerij. Dy koe troch de brânwacht sparre wurde. Hoe grut de skea krekt is, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)