Brân yn mêst: radio út loft

15 jul 2011 - 14:35
  • De reek yn de toer (foto Hayo Bootsma)
  • De ôfbrutsen toer (foto Hayo Bootsma)

De televyzjemêst yn Hoogersmilde stiet yn brân. It fjoer is freedtemiddei útbrutsen. Dat betsjut dat guon radio en tillevyzjestjoerders it net dogge. De mêst stjoert ûnder oare Radio 1, 2, 3 en 4, BNR, Sky Radio, QMusic, Slam FM en Veronica en RTV Drenthe út. Mooglik dogge dy stjoerders it no net.

Ferskate brânwachtkorpsen út Fryslân en Drinte binne dwaande de brân te blussen. It fjoer is op hege hichte útbrutsen en lestich te blussen. De Omrop stjoert fia de mêst yn Jirnsum út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)