Brân yn Makkum hat grutte gefolgen foar reiddekker

01 jan 2015 - 12:08

De brân by reiddekkersbedriuw Roosma fan âldjiersjûn yn Makkum hat earnstige gefolgen foar de bedriuwsfiering. Takom wike begjint it snijseizoen, mar by de brân binne de snijmasines fan Roosma ferlern gien, njonken in tal karavans en boaten. By de brân gie de loads folslein ferlern.

Roosma sit it meast mei it ferlies fan de snijmasines. It duorret yn de regel in jier om nije masines meitsje te litten. Masines oernimme of liene fan oare bedriuwen is in toer, want dy hawwe de masines sels hurd nedich.

Foar de oarsaak fan de Makkumer brân wurdt tocht oan fjoerwurk. Hjir wurdt noch neier ûndersyk nei dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)