Brân yn loads yn Harns

05 sep 2006 - 15:15

Der hat moandeitemoarn betiid brân west yn in loads fan it bedriuw Visser Recycling oan de Galvaniastrjitte yn Harns. Troch de brân is de loads slim skânsearre. Sa binne ûnder oare alle elektryske liedings raand.

Nei alle gedachten is de brân ûntstien troch broei yn 1000 ton bedriuwsôffal dy't yn de loads lei. Nei de krekte oarsaak wurdt noch ûndersyk dien. By it bestriden fan de brân binne trije brânwachtminsken net goed wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)