Brân yn loads Westergeast

05 jan 2011 - 10:47
  • (foto Jan Beets 112nederland.nl)
  • (foto Jan Beets 112nederland.nl)

Yn in bedriuwsloads oan de Wâlddyk by Westergeast is woansdeitemoarn in grutte brân ûntstien. Yn de loads waard ûnder oare gas en oalje opslein. Der waard wurke oan ûnderhâld fan trekkers. De brân soarge foar in soad reekûntwikkeling. Der hat ek in lytse ûntploffing west.

De brânwacht wie mei seis brânwachtweinen útrukt om it fjoer te bestriden. De helpferlieners moasten foarsichtich en op ôfstân wurkje fanwege de gefaarlike stoffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)