Brân yn loads Spaansenterrein

12 sep 2014 - 06:26

Yn ien fan de âlde loadsen fan it eardere betonfabryk op it terrein fan Spaansen yn Harns hat tongersdeitejûn brân west. De brânwacht skaalde op nei middelbrân om't der earst te min wetter foarhannen wie om te blussen. Dêrnei hie de brânwacht it fjoer gau ûnder kontrôle.

De plysje sil in ûndersyk ynstelle, om't de brân nei alle gedachten oanstutsen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)