Brân yn loads Drachten

02 des 2004 - 10:03

In brân hat woansdei foar skea soarge yn in loads by de Betheltsjerke oan it Helmhout yn Drachten. De loads is fan helporganisaasje Dorcas. It fjoer is nei alle gedachten tusken 13.30 en 14.00 oere ûntstien. De brânwacht hie it fjoer nei in oere ûnder kontrôle.

De skea oan de loads sels falt ta, mar ûnder oare it kleanguod yn de loads hat in soad reek- en wetterskea oprûn. Hoe't it fjoer ûntstean koe, is op it stuit noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)