Brân yn loads Damwâld

05 maaie 2002 - 00:00

Oan de Achterwei yn Damwâld is sneintemoarn in loads fan in transportbedriuw ôfbaarnd. Sneontenacht hat der in feestje west yn de loads. Mooglik hat de kachel it fjoer feroarsake.

It hat noch eefkes spannend west, omdat der yn in loads dêrnjonken gasflessen leine. De brânwacht koe lykwols slimmer foarkomme. By de brân is asbest frij kaam. Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)