Brân yn loads boerebedriuw yn Easterein

10 des 2014 - 16:14
  • De brân yn in skuorre yn Easterein soarget foar in soad reek

Ferskate brânwachtkorpsen binne oan de Sjaardeleane yn Easterein dwaande mei it blussen fan in grutte brân yn in loads fan in boerebedriuw. De loads stiet folslein yn de brân. It fee yn in skuorre neist de brânende loads liket feilich.

De korpsen fan Wommels, Mantgum en Boalsert binne nei de pleats stjoerd. By de brân komt in soad reek frij. De brânwacht warskôget minsken dy't yn dy reek wenje om ruten en doarren ticht te hâlden. Mei in wettergerdyn besiket de brânwacht foar te kommen dat it fjoer oerslacht nei de neistlizzende pleats.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)