Brân yn Ljouwerter flat troch himpkwekerij

22 maaie 2015 - 21:58

Yn in flat oan de Magnoliastrjitte yn Ljouwert hat freedtejûn brân west. De brân ûntstie nei alle gedachten yn de himpkwekerij yn ien fan de apparteminten op de tredde etaazje. Buorlju ûntdutsen de brân en warskôgen de brânwacht. De kwekerij is ûntmantele.

It is net dúdlik hoe grut oft de kwekerij krekt wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)