Brân yn Ljouwerter flat

31 okt 2003 - 00:00

Yn Ljouwert hat freedtemiddei brân west yn in flat oan it Europaplein. Trije minsken binne mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De brân ûntstie yn de flat fan in frou, dy't oan it fritueren wie. Hja hie krekt in eigen service-bedriuwke opsetten en soe sneon iepen hûs hâlde. Neffens in tsjûge wie der by de brân in soad reekûntwikkeling en stonk it ûntychlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)